DE VERHALEN VAN SURHUIZUM

De striid om it earste ljipaai

Elts jier is it wer spannend wa’t it earste ljipaai fan Surhuzum fine sil. De lêste jierren is it faak stuorkewikseljen tusken Iko de Vries en Tjebbe Hansma. Beide mannen wienen dit jier dan ek al betiid yn de greiden te finen, mar de maitiid wie dit jier let troch de lang oanhâldende kjeld. Sûnt 2004 hawwe Iko en Tjebbe om en om it earste ljipaai fan Surhuzum fûn. Tjebbe yn 2004, 2007 en 2009 en Iko yn 2006 en 2008. Yn 2005 waard it aaisykjen ferbean troch in útspraak fan de rjochtbank yn Ljouwert.

Mar it begûn allegearre yn 1983 mei it útrikken fan de earste wikselbeker, of eigentlik al twa jier earder… Yn Surhuzum waard al sûnt tiden socht nei ljipaaien, mar pas yn 1981 kaam ûnder de jiergearkomste fan it Pleatslik Belang it ‘ljipaaisykjen’ op it aljemint. Op útstel fan Auke Veenstra falt it beslút om jierliks in wikselbeker ta jins beskikking te stellen oan de fynder fan it earste ljipaai, dat oan de foarsitter fan Pleatslik Belang oanbean wurdt.
Op de maitiidsgearkomste fan it bestjoer yn 1981 wurdt fêststeld dat der noch in wikselbeker oanskaft wurde moat, mar oer de maat fan de beker is men it noch net hielendal iens. Pas yn febrewaris 1982 wurdt dêr in beslút oer naam. Want sa lêze we yn de oantekeningen: “fluch hannelje kin noch in útkomst biede foar dit seizoen”.
Mar hja hoegden der net sa’n gong efter te setten, want pas in jier letter waard de earste wikselbeker útrikt. Dat barde ûnder de jiergearkomste fan 24 maart 1983, doe’t de wikselbeker útrikt waard oan Sytse Hansma foar it finen, alteast it melden fan it earste ljipaai.

Spitigernôch wiene dêr in tal misferstannen. Sa tochten in soad, dat de trofee allinnich mar foar de skoalbern bestimd wie, mar dat is perfoarst net it gefal. Eltse Surhúster komt derfoar yn oanmerking, en hy of sy hoecht it aai net iens op Surhúster grûn fûn te hawwen, mar wol as earste te melden by de foarsitter fan Pleatslik Belang.
De heer Hansma wie dêrtroch ferline jier de trofee misrûn, mar dit jier wie hy wol de gelokkige. Neffens foarsitter Hofman sit it aaisykjen yn ’e famylje, “want pake kin der ek wat fan en omkesizzer Minne wit se ek wol te finen. De lêste hat it prestearre om op itselde stik lân op deselde dei en op deselde ikker ek in aai te finen”. It moat wol deselde ljip west hawwe, sa ornearre hja ûnder de gearkomste. Mar oft it itselde aai west hat, ûntkende de foarsitter… Fjouwer jier letter wie Hansma nochris de fynder fan it earste ljipaai.

Yn 1986 mocht Henk Oosterhoff de wikselbeker yn ûntfangst nimme. Oft de trofee yn 1984 en 1985 ek útrikt is, is spitigernôch net bekend. Henk syn heit Fokke Oosterhoff fûn twa jier letter, yn 1988, it earste ljipaai en die dat nochris yn 1995. Hy fûn doe in ‘twake’ yn ’e Pûs. Henk syn broer Anne Oosterhoff fûn in 1998 in ‘twake’, en wie dêrmei de finer fan it earste en dêrmei elk lyk fan it twadde ljipaai. Hy fûn de aikes yn ’e omkriten fan syn âlderlik hûs oan de Pûsterwei.
Bart Schurer fûn yn 1989 it earste ljipaai. Hy fûn it aike jûns om seis oere yn ’e Surhuzumer Mieden, efterút by Keimpe Veenstra’s pleats. Dat wie net allinnich it earste ljipaai fan Surhuzum, mar ek it earste fan Achtkarspelen. It jier dêrop, yn 1990, wie Bart wer de earste dy’t it Surhúster ljipaai fûn.
Yn 1991 wie it Henk Jan Alma dy’t moarns om 10.45 oere yn ’e Petten it earste ljipaai fûn. Letter op ’e dei fûn er dêr noch twa aikes. It jier dêrop mocht Willem Hansma de wikselbeker foar it earste ljipaai yn ûntfangst nimme. Mar yn 1993 wie it wer de beurt oan Henk Jan Alma. Hy fûn it earste aike op ’e nij yn ’e Petten. Yn 1994 slagge it Henk Jan nochris om it earst aike te finen. Mar om’t hy de wikselbeker noch yn syn besit hat, hoegde dy net opnij troch Pleatslik Belang útrikt te wurden.

Wa’t ûnderwilens meiteld hat, wit no dat Iko, Sytse, Fokke en Bart twa kear it earste ljipaai fûn hawwe en Tjebbe en Henk Jan trije kear. Mar dêrmei is noch net sein dat ien fan har twaen de grutste aaisiker fan Surhuzum is. Want yn 1996 is it Iko de Vries dy’t foar de earste kear it earste ljipaai fan Surhuzum fynt. Yn 1997 wannear’t er in twake fynt, en yn 1999 en 2000 wurdt de wikselbeker ek oan Iko útrikt. Yn 2000 wie er al in wike earder it lân yn om te sjen hoe’t it mei de ljippen gie en doe hie er yn ’e gaten dat de ljippen hast sa fier wiene om aaien te lizzen, want se dûkelen hieltyd boppe de kûltsjes. Dêrom gie er de hiele wike derop út om te sykjen. En doe op in wiete sneontemiddei hie er it gefoel dat er op it goeie spoar siet. Doe’t er nei in stikje boulân gie, dêr’t er fan tocht dat de ljippen dêr drok dwaande wiene mei it lizzen fan aaien, fûn er in aai. “Ik skrok my in pûst, mar ik wie wol hiel bliid. It aai fûn ik dus op saterdeimiddei 18 maart om 17.45 oere yn ’e Pûs”, skreau er yn ’e Grutte Gelf. Sa hat Iko no al seis kear it earste ljipaai fan Surhuzum fûn, en set dêrmei Tjebbe en Henk Jan mei beide trije kear lyk op in efterstân.
Yn 2001 skriuwt it Pleatslik Belang dat it in spannend jier wurd, want Iko de Vries hat it rjocht om de wikselbeker te hâlden, as er de finer fan it earste ljipaai is. Mar spitigernôch waard dat jier it aaisykjen ferbean, om sa it risiko te ferlytsjen op it útbrekken fan tongblier.
Mar op snein 17 maart 2002 is Tjebbe Hansma wer de fynder fan it earste ljipaai. Oant seis dagen letter, op 23 maart, Iko de Vries by harren efterhûs yn ’e greide ek in aike fynt. Hoewol’t Tjebbe as earste it ljipaai fûn hat, wurdt troch it bestjoer dochs besletten om yn de wikselbeker fan Iko de fynstdatum te setten foar it ljipaai dat er fûn hat. Dat om’t Iko it ljipaai op Surhúster grûn fûn hat en Tjebbe net. Foar de takomst beslút it bestjoer dan ek dat de fynder fan it earste ljipaai op Surhúster grûn de wikselbeker krijt. Yn 2003 is Albert Boersma de lokkige fynder fan it earste ljipaai, hy fynt it aike yn in stik lân oan ’e Uterwei.

Twa Surhuzumer yn de prizen om it earste ljipaai. Fan lofts nei rjochts: Tjebbe Hansma, Tjeerd Veenstra (foarsitter PB) en Iko de Vries.

En no werom nei it ôfrûne seizoen. Woansdei 17 maart wie it dan safier, Tjebbe Hansma fûn it earste ljipaai fan Achtkarspelen. Hy fûn it aike om 13.30 oer oan de Legeloane in Stynsgea. Dat wie al frij besûnder om’t in goed dei dêrfoar pas it earste ljipaai fan Nederlân fûn waard. Mar it earste aai fan Surhuzum wie dêrmei noch net fûn. Dat barde pas twa dagen letter, doe’t Iko de Vries op 19 maart yn ’e Surhuzumer Mieden foar by Keimpe Veenstra it earste ljipaai ûntduts. Mar om’t yn 2002 al ôfpraat wie dat de fynder fan it earste ljipaai op Surhúster grûn de wikselbeker kriget, gong de trofee dit jier op ’e nij nei Iko. Dêrmei hat er no yn totaal acht kear it earste ljipaai fan Surhuzum fûn en bliuwe Henk Jan Alma en Tjebbe Hansma stykjen op trije kear.

Kornelis van Dekken

23 maart 2014