De Surhúster kampioenen van het seineharjen

Graafwurk leit fûnemint Dútske útkyktoer bleat

By it oanlizzen fan in fiver yn de tún fan de famylje Hamersma yn Koartwâld, kaam koartlyn it fûnemint bleat te lizze fan in útkyktoer boud troch de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich. Reinder Hamersma seach dan ek frjemd op doe’t hy ûnder it graven op in fjouwerkant betonnen fûnemint stuite. Al gau die bliken dat it om de restanten fan in Dútske útkyktoer gie. “Us mem sei altyd al dat hjir earne in Dútske útkyktoer stien hie”, seit Reinder Hamersma. 

Mei dizze fynst wit men nei al dy jierren it eksakte plak wêr de toer stien hat. It giet hjir om ien fan de hast hûndert útkyktoeren dy’t oan it begjin fan de oarloch yn it hiele lân boud waarden. Fanút de toeren hâlde de Dútske besetter it loftrom yn de gaten. Op de measte plakken seach dizze der itselde út: fan hout, mei in betonnen fûnemint. De toeren soargen foar in oanfolling op de ynformaasje dy krigen waard fanút de ferskate radarposten, lykas dy destiids by Trimunt.

Yn it argyf fan de Stichting Oud-Achtkarspelen hawwe hja in foto fan de bou fan de toer. Se witte ek noch te fertellen dat de toer boud waard troch Hein en Jan Kuipers. Doe’t de toer klear wie, moasten hja har melde by de Dútsers. Om’t it dak lekte waarden hja nammentlik fertocht fan sabotaazje. Oer de toer is fjirder net in hiel soad bekend. De toer stie yn Koartwâld efter it wenhûs mei nûmer 22. Yn dat hûs, sa wit Jasper Pool te fertellen, wiene seis oant acht Dútske militêren stasjoneare.

Foar dit ferhaal is gebrûk makke fan in artikel fan Pieter Atsma út it Friesch Dagblad en ynformaasje fan de Stichting Oud-Achtkarspelen.