DE VERHALEN VAN SURHUIZUM

It kampioenskip seineharjen: in tuskenstân

Nei 35 edysjes fan it kampioenskip seineharjen, like it my wolris tiid om de útslaggen op in rychje te setten en te sjen wa’t de beste harder fan ’e wrâld is. It is ommers net foar neat it wrâldkampioenskip seineharjen. It kampioenskip waard yn 1979 foar it earst hâlden. Yn al dy jierren bliuwt de kampioenstitel mar twa kear yn eigen doarp.

De alderearste kear wie lyk al yn 1979, doe waard Sietze Sietzema troch de sjuery útroppen ta kampioen seineharjen.  De deis foar it kampioenskip yn 1979 hie Sietze Sietzema in harhammer en in harspit oanskaft, en hie in buorman him de keunst  fan it harjen útlein. “De hiele middei der plat foar en om fjouwer oere hie ik der in knap harpaad op”, fertelde Sietzema. En dat hie dus fertuten dien.
De twadde kear wie in fearns ieuw letter, yn 2005, doe’t Albert Veenstra as beste harder út de bus kaam. Albert Veenstra, al sûnt jier en dei fan de partij by it seineharjen, learde it harjen fan syn heit Wobbe. Dy drong der doedestiids op oan om ek ris oan it kampioenskip mei te dwaan. “Mar wy kinne it sa goed net as ús âlden en wy sille it ek nea sa leare, want wy misse de ûnderfining”, wie Albert Veenstra foar de útslach noch fan miening. De úteinlike útslach spruts dizze opfetting lykwols tsjin, oant syn eigen fernuvering.

Sietze Sietzema (1979)
Albert Veenstra (2012)

Yn de begjin jierren wie it Franke Bouwstra fan Skarsterbrêge dy’t it kampioenskip trije kear op syn namme wist te skriuwen. Dit barde yn 1981, 1982 en 1985. Yn 1986 siet Bouwstra sels yn ’e sjuery. Om’t hy foar de tredde kear de titel wûn hie, mocht er dat jier sels net yn aksje komme. Willem Huitema fan Sint Nyk waard troch de sjuery as winner útroppen. “De seine fan Huitema rûn der út”, aldus Franke Bouwstra. Huitema hie yn 1980 ek alris it kampioenskip wûn. It jier dêrop, yn 1987, wie it krekt oarsom. Huitema siet yn ’e sjuery en Bouwstra gie der mei de priis fantusken. Yn 1989 waard Bouwstra foar de fiifde kear as kampioen útroppen. “Wer Franke Bouwstra. Ja, dy man is in knaap en net te ferslaan”, neffens de sjuery. It geheim fan syn sukses? “Soargje dat op de snee gjin wyt mear te sjen is. In goed harpaad slaan en dan nochris krekt by de râne lâns.”
En sa siet Bouwstra yn 1990 wer yn ’e sjuery fan it seineharjen. “Dit is een geduldwurkje. De measte minsken ha der net genôch geduld foar”, is Bouwstra fan miening oer it seineharjen. De beste harder is dat jier Keimpe Visser út Feanwâldsterwâl. “Ik bin de minste net, mar op de earste priis hie ik net rekkene.” Fjouwer jier letter waard Visser wer ta kampioen útroppen, en sa bedarre hy it jier dêrop wer yn ’e sjuery fan it seineharjen. Yn 1992 wie de konkurrinsje tige grut, winner Jacob Hoeksma út Kollumersweach hie dan ek in wiere prestaasje levere. Sels wie er dêr tige beskieden oer: “Ik ha myn bêst dien en it slagge. Ik hie in seine dy’t goed te harjen wie.” It wie de fjirde kear dat Hoeksma mei die oan it kampioenskip. Twa jier letter, yn 1994, mocht Keimpe Visser de titel wer mei nei hûs nimme. Oant en mei 1997 wie it stuorkewikseljen tusken Hoeksma en Visser. Beide mannen hiene no trije kear it kampioenskip op har namme skreaun. It jier dêrop, yn 1998, waard Willem Huitema útroppen ta winner. Ek hy hie no trije kear it kampioenskip wûn. Salang as it kampioenskip seineharjen bestiet is Huitema al fan de partij. As winner sit er it jier dêrop wer yn ’e sjuery. In regel, wêroer Huitema bêst te sprekken is: “Sa hat in oar ek ris in kâns.”
Yn 2000 waard Keimpe Visser foar de fjirde kear kampioen seineharjen. In prestaasje dy’t Jacob Hoeksma it jier dêrop benei wist te kommen. En yn 2002 wist Huitema ek foar de fjirde kear it kampioenskip op syn namme te setten. Alle trije mannen, Visser, Hoeksma en Huitema, stiene no op de ranglist op in dielde twadde plak efter Franke Bouwstra dy’t it kampioenskip ien kear faker wûn hie. Yn 2004 wist Visser in plakje op te skowen en stie er mei fiif oerwinings op in dielde earste plak mei Franke Bouwstra, dy sûnt 1989 it klassemint oanfierde. Twa jier letter, yn 2006, wist ek Willem Huitema fiif oerwinnings efter syn namme te setten. It jier dêrop siet Huitema in ’e sjuery, wylst Hoekstra syn prestaasje fan fiif oerwinnings benei wist te kommen. Yn de jierren dêrnei siet Huitema ôfwikseljend yn ’e sjuery fan it kampioenskip of waard er ta kampioen fan it seineharjen útroppen. Sa wist er dus net allinne yn 2006 mar ek yn 2008, 2010 en 2012 it kampioenskip te winnen, en rûn sa út op de rest fan it klassemint. Franke Bouwstra dy’t him jierrenlang weromlutsen hie, naam ferline jier foar it earst wer diel oan it kampioenskip, en dat levere him lyk it kampioenskip op. “Ja, it bloed krûpt, wêr it net gean kin en it begûn wer te kribeljen”, ferklearre Bouwstra syn weromkommen.

Willem Huitema (Seineharjen 2010)
Franke Bouwstra (Seineharjen 2013)
Jacob Hoeksma (Seineharjen 2010)

En sa wurdt de top trije, nei 35 edysjes, oanfiert troch Willem Huitema út Sint Nyk, dy’t acht kear mei de kampioenstitel nei hûs gie. Op nûmer twa stiet Franke Bouwstra út Skarsterbrêge mei seis oerwinnings en it trêde plak wurdt dielt troch Keimpe Visser út Feanwâldsterwâl en Jacob Hoeksma út Kollumersweach, beide wisten fiif kear de titel op hun namme te setten.
De winner fan ferline jier, Franke Bouwstra, sit dit jier yn ’e sjuery ek kin dus net oanspraak meitsje op de titel. Dat besjut, mochten se dit jier wer meidwaan oan it kampioenskip seineharjen, Willem Huitema noch wat fjirder útrinne kin, en dat Keimpe Visser as Jacob Hoeksma in plakje opskowe kinne yn it algemien klassemint.

Kornelis van Dekken

1 juli 2014